Arkeliet

 

Dêr driuwt in skipke op it wetter, Noach fielt de baren gean

en hy dreamt oer aanst, oer letter: soe de ierde noch bestean?
Noach heart nei al de bisten, twa fan elk; in frou, in man.
Hy is bliid dat sy it wisten, dat se harken nei Gods' plan.
Yn 'e Arke, yn 'e Arke is 't in drokte fan komsa
elk is kaam, want elk hat harke, sa sil elk syn takomst ha.

Der stiet in man tusken de strûken, Noach yn syn nij bestean.
Hy fynt it hearlik om te rûken, hoe 't de blommen iepen gean.
Noach priuwt hoe ’t druven smeitsje, sjocht de sweltsjes yn in kloft,
't reint, mar Noachs' eagen laitsje: sjogge 'n bôge oan 'e loft.
Op 'e ierde, op 'e ierde is 't in drokte fan komsa
elk is gien, dêr 't God him liede, sa sil elk syn takomst ha.

Der stiet in skoalle tusken minsken, fol mei bern en fol mei lûd.
't Is it antwurd op de winsken, fan lang lyn, mar ek fan hjoed.
Nei ferhalen ha wy harke, nei de wurden lang lyn sein
en wy komme nei de Arke: sjogge Noach op it plein.
Yn 'e Arke, yn 'e Arke is 't in drokte fan komsa
elk is kaam, want elk hat harke, sa sil elk syn takomst ha. (2x)

Muziek